Verhalen van Gerrit Elzinga (2)

Sneins.

Snein-te-middeis, flak nei de oarloch en noch folle letter, wie 't gesellich drok op 'e Lemmer.
Drommen minsken rûnen dan hinne en wer fan garaazje Witteveen ôf de Nijbuorren del, de Blokjesbrêge oer, om kleansaak Schirm hinne nei 't stasjon, dan by de slûs lâns oan de haven ta en dan werom. Guon rûnen ek wol troch oan 't eintsje fan 'e daam ta.
Dan waard der grif praat oer de deistige dingen of de polityk, mei de nedige kommentaren.

Wy as jonges tysken der wat tusken om, mar we rûnen wol even hurd troch as der in ploechje grutte jonges by 't postkantoar by elkoar stienen, want dan wankte der soms wat. Sa hienen se foar moade en pik der ien fan de foarby kommende jonges út en seamje dy om mei syn allen. Oer sinleas geweld sprutsen, se koenen der yn dy tiid ek wol wat mei….

In oar útsje wie it fuotbaljen. Fuotbalferiening "Lemmer" spile op it Lemster Hop, in bloedigen ein rinnen en dêr gong dan in lange rige folk hinne by 't âlde Dútse ôfwargeskut lâns.
Nei ôfrin gongen we net fuort op hûs oan.. Earst sochten we ûnder de banken fan 'e tribune om jild. Simmers swommen we neaken yn in brede wyk en hawwe wolris in skoft dûke moatten om Honke syn glêzen each werom te finen…

In hiel moaie ôflieding wie ien kear yn 't jier it wynhûnedraven op it fuotbalterrein. Wat koenen dy bisten hurd drave achter sa 'n kninefeltsje oan, dat yn 't rûn lutsen waard troch in masine.
Doe 't we wat âlder waarden, rûnen we ek mei op en del de Lemmer del en seagen al wat nei de fammen. Foaral jûns wie dat noch spannender, dan koenen je better kontakten lizze, al slagge dat noch net rjocht, want wy wienen noch net "droech achter de earen". Mar sterke ferhalen hienen wy wol. En dan moast ik ek noch om njoggen oere thús wêze en dat wie fiersten, fiersten te betiid.
Strune wie doe dan ek in moai tiidferdriuw. Myn maat Wim hie in baas bûslampe en we rûnen dan de haven del en skynden sa hjir en dêr yn 'e gloppen op fan de gebouwen, lyk as dy fan de NBM. It wie dan wol ris raak as der in pearke stie te tútsjen en se skrokken har dan dea. Wy doarden dan net stean bliuwe te sjen mar naaiden hurd út.

Der leinen sneins wol skippen yn 'e haven dy 't wachtsje moasten om moandeis troch de slûs nei binnen te kinnen. Dêr wienen dan ek wol famkes fan ús leeftiid oan board en wy kuierden dan wol mei in groepke jonges en famkes troch it doarp, kamen yn pearkes by de boat werom, ien tút by 't ôfskie en je seagen se nooit wer.
Dan draaide der snein-te-jûns noch in film yn it Nutsgebou, dêr 't we yn 'e gong noch even de platen fan beseagen. It wie meastentiids foar boppe de sechtjen of achttjen jier, dus noch net foar ús. It wie ek sa mar ús tiid om thús te wêzen, dus de snein wie sa mar wer om.

Ferdivedaasje.

De earste optocht fan myn libben ha'k sjoen yn maaie '45 : de befrijingsoptocht. Ik seach de stoet fan weinen oankommen út de tredde Parkstrjitte wei de Fleveostrjitte yndraaien en dan wer de Lemmer yn. Op ien wein hienen se fan kachelpipen en sa in Dúts kanon neimakke en sa wienen der folle mear taferielen út de oarloch. Wat in feest doe, mar ik ha by myn witten net wer in optocht meimakke op 'e Lemmer…

Flak nei de oarloch gongen we as bern op 1 maaie nei Riis ta. De allerearste kear yn in frachtwein. Achter hotel Jans wie in knoert fan in boarterstún en dêr koenen we ús de hiele dei wol fermeitsje. We krigen broadsjes en ranje en de lieding naam ús ek wol mei troch it Rysterbosk hinne nei de Iselmar ta om te swimmen. Dit gong út fan de arbeiderspartijen.

En dan hienen we ien kear yn 't jier in merke, dy wie op 'e Koartestreek, op it plein foar de Ulo-skoalle en lâns it Dok. In draaimole en in sweef fansels, mar ek de loftskommel fan Arjaans, in "cakewalk" en in pear kear in rûne stellaazje mei binnenyn sjonkende en knetterjende moters dy 't tsjin de "steile wand" oan kleefden.
Ik ha letter ris mei grutte niget stien te sjen nei artysten dy 't in stielkabel spand hienen nei de toer fan de Herf. tsjerke en dêr by op en del rûnen mei in izeren stange yn 'e hannen.

Dan kaam der ek wol ris in tinte te stean op it brede stik fan de Langestreek foar de Pottebakkersstege oer, oan de Sylroede. Dêr waarden bernetonielstikken yn opfierd, sa as oer Dik Trom. Ik hie der stomme graach hinne wollen, mar ik krige it jild der net foar fan thús. We ha wol besocht der yn te slûpen, mar we waarden der like hurd wer út setten.
Sirkussen kamen der sa no en dan ek. In pear kear hat der in tinte stien op 'e hoeke fan de Willembarendszstrj. en de Abel Tasmanstrjitte, flak by ús hûs dus. No steane der huzen fansels. We kamen dêr wol yn sûnder te beteljen, want we skrepten ús út 'e naad om de tinte mei klear te meitsjen en dan hienen je kâns op frijkaartsjes. Se holden ús grif goed yn 'e gaten, want jonges dy 't mar even holpen hienen, krigen gjin kaart.

Op in stik grûn by de Tramhaven stie wol ris in tinte fan it Leger des Heils en dêr koenen je fergees hinne of foar in pear kollektesinten. Der waard musyk makke, songen en ferteld. Dagenlang songen by ús achter de bern fan Kor en Syts: " Voormaats mars, voorop de kapitein, en achteraan de jeugd, ja dat is fijn ".
De buertferienings holden ien kear yn 't jier spultsjes foar de bern op strjitte. Sa ha ik al ris in selskipsultsje wûn mei foutbaljen mei in fopbril op.
Doe 't we âlder wienen, wie der ek wol ferdivedaasje. Achter de Geriff. tsjerke, wat noch greide wie, spilen de " Boertjes van buten, onder leiding van Boer Biet ". Bekend wie Cees Schilperoort as Gait-Jan Kruudmoes.

In hiele sensaasje wie it doe 't we yn 'e fyftiger jierren foar it earst tillevyzje seagen. Yn 'e gimmestykseal oan de Koartestreek hie in radiosaak in tastel del setten en yn drommen kamen de minsken der op ôf , al wienen it mar wat snijerige bylden dy 't je dêr seagen.
Noch letter ha we yn hotel "De Wildeman" sitten te sjen nei de trouwerij fan Prins Reinier fan Monaco mei Grace Kelly.

Films wienen der yn 'e wykeinen te sjen yn it Nutsgebou oan de Nijbuorren, dêr't no in aptkeek yn sit. Dy seal waard foar fanalles brûkt. Vergonet fan Snits joech dêr dûnslessen, de 1-maaie bijienkomsten wienen der, mar ek útfierings fan de gimmestykferiening, ûnder lieding fan menear Postma fan Snits, in man yn in smetteleas-wite broek. Wat wie 't in drokte as wy as bern ús ferklaaie moasten yn 'e taap foar by de dyk. En as we te lang wachtsje moasten, fleagen we as gekken tusken de kapstokken en minsken troch. Dan einlings mochten we op bleate foutten de lange kâlde gong troch, tusken it publyk troch nei 't toniel en dan koenen we ús kunstkes dwaan: frije oefeningen, springe op matten of oer de bok of it hynder.

Letter ha'k noch ris wer op it toniel west, mar dan as "meiwurker" oan de fuotbalrevue "Koning Voetbal". Dat sil wol west ha op ien of oar jubileum fan de fuotbalklub Lemmer. Ien sjonrigel kin ik noch : Earst komt de voetbal, en dan weer de voetbal, dan nog eens de voetbal en dan… komt pas de vrouw voor de man!" En dat song ik dan mei as fjirtjinjierrige…

Ik bin opholden mei fuotbaljen, want ik fûn tafeltennisjen sa mar ynienen. moaier. Sa waard ik lid fan t.t.c Lemmer en Bob de Rook hat my sa faak treent, dat ik him op 't lêst al hawwe koe en doe mocht ik ek wol mei te spyljen yn it earste, dêr't Hans Zwart ek yn siet, dy 't grif in goed sportman wie, want hy fuotballe letter ek yn it earste fan v.v.Lemmer. Ik ha mar in pear kear meidien, doe luts ik my werom, want de útwedstriden wienen faak jûns troch de wike en dan ek noch fier yn Grinslân op. Dan kamen je nei tolven wer op 'e Lemmer oan en moarns om healwei sânen moast ik al wer op 'e fyts sitte nei de kweekskoalle op 't Fean ta. Dat koe fansels net.

Doe 't ik santjen wie en dat wie yn '54 , ha 'k ris yn 't Efterom nei in "Ynstuif" west yn it gebou "Us Honk". Dat wie om de jongerein fan 'e strjitten te hâlden. Ek doe al dus… Mar it gong der sa rûch om en ta dat ik der mar in pear kear west ha. Ien foarbyld: de jeugdlieder hie in spultsje foar twa dielnimmers. Elk moast sa gau as er koe de measte linker skuon op it toniel bijelkoar bringe. Doe die elk syn linker skoech út en bekûgele dêrmei de trije minsken op it toniel. Dat hat fuort myn lêste besite west dêrre.

It deistige libben.

It heucht my net dat ik as bern, wat it iten oandelanget, wat te koart kommen bin yn 'e lêste oarlochsjierren. Yn 't foarste plak hienen wy in heale ko. Dat siet sa: ús heit hie tegearre mei in soan fan de ferstoane feedokter De Vries achter de Nijbuorren in ko yn in âlde skuorre. Omdat Jan net melke koe, die ús heit dat en sa krige elke húshâlding òf de moarnsjefte òf dy fan 'e jûn. Ik ha faak by de kachel sitten te tsjernjen om bûter te meitsjen. Flak foar de befrijing kamen de Dútsers de Strjitwei del en ha de ko ek meinommen…

Brij krigen we dus fêst ek wol elke dei. Sûpenbrij en sa waard brocht troch molkboer Hoekstra of troch ien fan syn dochters Sjoeke of Tine. Ik wit noch dat ús mem, dy 't wol wist dat tsjûke brij net, mar tinne brij wol soer smakke, oan ien fan 'e famkes frege: Is it tsjûk of tin? It is Tine, sei se… Hoekstra syn broer Roel sutele ek. Dy hie foar moade en fei syn hannen altyd oan 'e jas ôf, sadat der fette rânnen oan sieten. Roel Fetkul seinen we dan ek wol…

Bôlleguod wie ek wol oan te kommen. Myn heit wurke yn 'e polder as ûnderhâldsmonteur en kaam wol by de terskmasinen del en koe dan wol ris in sek weet of hjouwer fersiere. Soms waard der by de terskmasinen ek wol ris sekken nôt stellen, mar fan de Dútsers moast der in
kleurstof troch en dy krigen je der ôf as je it goed wosken. Dus as je ûnderweis mei stellen guod trapearre waarden, kaam de moard gau oan 't ljocht…
Sa no en dan krigen de wurknimmers ek wol in goede sekfol fan 'e Direksje. Myn âlden ruilen der wol fan foar klean foar myn suske, dy 't yn '43 berne wie, want foar lytse poppen wie der net folle. Ek gong der faak ris in sekfol nei bakker Hoekstra op 'e hoeke fan 'e Lynbaan, bakkerij "De Korenbloem". Dan koenen wy wer geskikt oan roggebrea of bôllen komme.

By slachter Sonsma op 'e Koarte Streek moast ik faak "skealike stikjes" helje, dat wienen de úteintsjes fan de woarsten, dy 't net mear ûnder de snijmasine pasten. Dy wienen net sa djoer en ús mem wie goed sunich yn dy tiid en dat is altyd sa bleaun. Se spruts der nei de oarloch
altyd skande fan as ien fan de efterbuorren soms heale wite bôllen oer it stek smieten foar de fûgels.

Fierder wit ik net sa folle fan de iteraasje, want dat ynteressearre je as bern net sa folle. Dochs hie net elkenien genôch, want ik ha der wol by stien te sjen as der achter de Nijbuorren iten útdield waard by de "gaarkeuken".

Tekstyl wie wol in probleem. Us heit naam faak " byndertou" mei út 'e polder. Us mem "breide" der dan in flierkleedsje fan, in boadskiptas, ja sels in pear tousokjes foar myn suske.
Der wie wol papiertou, mar dat wie gjin stoer wurdich.
Klompen wienen wol in probleem, se wienen sa mar troch by ús as opgroeiende bern. De stikkene kappen wurden der mei krammen wer opsetten en ús heit sloech der rubber ûnder om sliterij foar te kommen. Ik hie der it mier oan, want je brutsen sawat de fuotten as je hurd drave woenen.

Winkels en strjitten op de Lemmer.
Tusken 1943 en 1958.

Earst mar even wat oer de Willembarendszstrjitte. Dy is flak foar en nei it begjin fan de oarloch beboud troch de “Directie van de Wieringermeer afdeling Noordoostpolderwerken” (by ús seinen we: “De Direksje”) foar harren wurknimmers dy ’t yn de Noardeastpolder wurken. Se waarden de “polderhuzen” neamd. Wy kamen hjir op nûmer 9 te wenjen yn 1943/’44. Ús hûs wie de earste fan de rige sjoen fan út de Lemmer wei. Dizze huzen hienen al in “wc” mar gjin does.

Der stie ek noch in dûbelde wente dwars foar de parkjes oer yn de Cornelis Houtmanstrjitte. Dêr wenne letter de direkteur fan gemeentewurken fan Lemsterlân, Beetsma. Dat wie letter ús heit syn baas doe ‘t er by de gemeente kaam as sjef-monteur.
Fan ús hûs ôf nei de Flevostrjitte ta wie braak terrein. Allinne foar de Abel Tasmanstrj. oer wie in frijsteand hûs der’t in ferver wenne. By syn frou helle ik lúsjefersdoaskes, want dy sparre ik. Dan moast ik by de dyk de klompen út dwaan en op sokken nei de syddoar ta rinne, sa skjin wie dy frou op alles… Letter waard alles folboud. Ek de rest oan de Flevostrjitte waard beboud. Op de hoeke wenne doe de direkteur fan de NBM/Enbemar, De Vries.
Yn ús strjitte wienen gjin winkels.

Op de hoeke fan de Abel Tasmanstrj. en de Jacob v. Heemskerkstrj. wenne molkboer Hoekstra. Dy hie gjin winkel, mar sutele mei de brijkarre, faak mei syn dochters Sjoeke en Tine. Losse molke en brij yn bussen. Us mem frege in kear “is it tsjûk of tin”. Se kaam fan de klaai en dêr betsjut tsjûk: dik. Se bedoelde dus de brij, want as dy wat flutterich wie, dan wie dy faak wat soer. Dan woe se dy net ha. It is Sjoeke sei se, want se tocht dat it om harren nammen gie. Hoekstra syn broer Roel dy’t op de Nijedyk wenne kaam ek wol ris by ús oan de doar.

Abel tasmanstrj.: (hoeke Lynbaan) bakkerij de Korenbloem. Yn de oarloch brocht myn heit dêr wol ris in sek weet ( tarwe ) dy’t hy yn de polder makkelik op de kop tikje koe omdat er by de terskmasinen lâns moast. Ik helle dan letter bôllen of brea op dy’t we dan net betelje hoegden.

Yn de Fjirde Parkstrjitte wie op ‘e hoeke it krudenierswinkeltsje fan Jantsje Jaalsma . Ek wie dêr Atsma dy’t syn karre mei fisk thús klearmakke om út te suteljen. Jaalsma ( of har dochter?) siet letter yn de Flevostrj. tusken de Parkstrj. en de Suderseestrjitte.
Op de hoeke fan de Lennastrj. en de Flevostrj. wie de Sparwinkel van Van der Laan.
Flakby op ‘e hoeke fan de Lynbaan en de Flevo wie in oare krudenier, in frou. Namme wit ik net.
Oan de oare kant oan de Flevo wie in slachter. Namme my net mear bekind (Sieswerda ?) Yn de lege slachterij dêr achter joech in soan fan de slachter wol ris in foarstelling mei ljochtbylden foar ús as bern.
Yn de Lynbaan wienen net sa folle winkels. O ja, in moaije molksaak op de hoeke fan de Skoalstrjitte en in ferverssaak (?) der tsjinoer.

Op it Turflân wie de grientewinkel fan Gaastra. Dêr tsjinoer hie hy ek in pakhûs en dêr helle ik winterdeis suerkoal foar myn mem by in
âlde frou, de mem fan Meine Gaastra miskyn? Se hie wol lêst fan eczeem grif want har earms wiene altyt wyt skilferich. Dat pakhûs wie grif in stâl west, want der wie noch in groppe foar de kij. Ik fûn it mar sasa as se de earm yn de tonne mei suerkoal stiek dy’t op de stal stie…
Dêr wie ek de manufaktuerenwinkel fan Hak. In bakkerij der neist (?). Fierderop rjochts helle ik tsiis en bûter bij suvelsaak Vleer.
Syn broer dy’t yn de Cornelis Houtmanstrj. wenne, we fersekeringsman. Hy kaam foar “De Centrale” elke wike by ús om sinten.

Oan de Koarte Streek moast ik nei slachter Sonsma om “skealike stikjes” sa´t myn mem dat neamde. Dat wienen de lêste stikjes woarst en sa dy´t fan de snijmasine kamen en dy ’t mar in bytsje kosten. Ús mem wie o sa sunich… Even fierder wie wer in slachter: Van Dijk.(?)
Neist de Ulo wie de smidderij fan Van Putten. Dêr hellen we wol karbid wei bij âlde Van Putten om mei te karbidsjitten.

Fierder nei de herfoarme tsjerke op wiene noch de horloazje- en klokkewinkel fan Gorter en de Jaminwinkel. Hjir hellen we wol yn
groepkes yn de pauzes snobberij wei. De eigenaresse sil wol net witten ha dat de bern earst wat snoep yn de bûse stieken foardat se boppe wei yn de winkel kaem… Foar in pear sinten hellen we ek wol snoep by in winkeltsje fan in âlde man achter de Ulo yn de Lynbaan.

Fierder op de Koarte Streek wie dan de krudenierssaak fan de bruorren Jaap en Hennie Zwart. En de boekwinkel fan W.A.F. Koopmans.
Wy neamden de âlde frou út de winkel Wafke. It leste gebou wie de drukkerij. Dêr waard de Zuid Friesland en sa printe. Ik kaam dêr yn 1955 en ’56 om gedichtsjes te bringen; dy kamen dan foar op de krante. Sa fertsjinne ik in bûssint by doe’t ik op de kweekskoalle siet.
Yn de twa huzen foar de tsjerke siet de fytsesaak fan Dijken en in saak mei ark en tou ( namme ? ). Letter siet dizze saak yn de Lynbaan.

Oan de oare kant fan de Gedempte Gracht siet Noppert mei berneweinen en sa.
Oan de Âlde Slûs wie in jernsaak fan Holscher. Boppe, bij de Blokjesbrêge Noppert mei húshâldlik guod. Dan de tabakssaak fan Propsma.
Frou Propsma siet letter oan de oare kant. Dêr wie leau ik ek in fisksaak fan Beljon.
Dan de Langestreek. Ûnder oare in meubelsaak fan Reekers en manufactuerensaak fan Andrys de Boer. Ek in kapper. Op de hoeke fan de
Pottebakkersstege siet in molkboer. Tsjinoer de Lange Brêge wie in mechanisaasjebedriuw.

Dan de Skulpen. Kleanwinkel Schirm fansels en klokkenwinkel Repko. De oaren wit ik net mear. Wol wenne ús dokter neist hotel “De Wildeman”. Earst dokter Knufman en letter dokter Ham. Oan de Prinsessekade siet kapper Boomsma.

Op de Merk wie de suertsjewinkel fan Lienos en kleanwinkel Molenberg. Oan de oare kant de Kooperaasjewinkel Excelsior. Ek de namme Haka stiet my by.Wy wienen lid fan dizze kooperaasjs en ik bin yn 1949 in wike op it Amelân west yn harren fakânsje-oard want dêr koenen je foar sparje. Flakby wie de bakkerswinkel fan Haveman.

Yn de Skâns ken ik noch kafee Pietje van der Werve en in lúkse bakkerij. Dêr makken se ek sels banketbakkersiis. Grutte blokken iis waarden dan op it skouder út in frachtauto de saak ynbrocht. Dan oan de boppekant fisksaak Beljon, in skuonmakkerij, in húshâldsaak, kapper, molkboer en de winkel fan Jan Pen (netten en sa). Je koenen dêr ek byfertsjinje om sipelnetsjes yn elkoar te naaien. Dat koenen je thús dwaan nei’t se ús earst op de saak leard hienen hoe’t it moast. Oan de ûnderkant de ferverssaak fan Van Slageren, in slachterij en de jirpelhannel fan Rippen. Hjir koenen yn dy tiid de jirpels al masjinaal skyld wurde.

Oan de Fiskersbuorren lieten wy de skuon meitsje by skuonmakker Dijkstra. ( Otte Pluch?). Op de hoeke wie de drankwinkel fan de dames Visser, de “Weeskes”. Dêr njonken de bakkerij fan Evert de Vries (‘Carro’). Hy stie ek mei iis. Op de Nijbuorren wit net folle winkels, ja in elektrisiteitsssaak. Wol wie der it postkantoar en it Nutsgebou.

Yn myn tiid is yn de oarloch noch oan de oare kant fan ús hûs, oan de Jacob van Heemskerkstrjitte, in rige barakken boud. Dy kamen út de Noardeastpolder wei omdat se net mear nedich wienen tink ik. Der wie grif ferlet fan wenromte op ‘e Lemmer. Nei de oarloch kamen der stiennen huzen foar yn ‘t plak. Dêrnei waard de Conelis Houtmanstrjitte fierder fol boud. Ek yn myn tiid is de hiele Suderseestrjitte oanlein. Doe’t de riolearing der yn kaam lei it hiele greidlân achter de Parkstrjitten op de kop. Ek de Pampusstrjitte kaam der.

Der komt my ek noch yn’t sin hoe ’t it mei de gasfoarsjenning gong. Yn de oarloch en lang der nei brânden de strjitlantearnen noch op gas. Winterdeis kaam der in man de Parkstrjitten noch bydel om mei in lange stôk de lampen oan te dwaan. It wie in sport foar ús om yn sa’n peal te klimmen en oan de sydstikken te hingjen. Ek waard der wol ris in âlde fytsbân boppe oer hinne smiten.

Ek hienen de bewenners yn de Parkstrjitten noch lang gasmuntsjes om gas brûke te kinnen. Ik wie wol by Jelle en Gep, dy’t flak achter ús wennen mei harren dochters Iepie, Annie, Jantsje en Bettie. Gep moast gau ris in muntsje yn it apperaat dwaan om net sûnder gas komme te sitten. Wy hienen doe in fêste gasoansluting.

De Houtmole

Der wienen yn myn tiid twa bekende lûden op ’e Lemmer der ’t je net om hinne koenen, by mist it lûd fan de misthoarn op ’e dyk by de wurkhaven en in pear kear deis de fluit fan de ‘houtmole’. Wy seinen ek wol ‘kistjefabryk’.
Yn myn tiid wie in Van den Bosch de direkteur. Se hienen twa soannen, Bauke en Ybe. Mei de lêste ha’k trije jier yn ’e klasse sitten op de Ulo. En dêrnei sieten we beide fiif jier op it Fean op ’e kweekskoalle. Lang hat Ybe net by it ûnderwiis wurke, hy spile yn it Rotterdams Filharmoanysk Orkest en dêrnei by it Radio Filharmoanysk orkest. Dat wie mear syn ding.

Doe ’t ik op de legere skoalle siet helle ik wolris in sekfol ôffalhoutsjes op by de fabryk. Blokjes, plankjes en latsjes. Ik wie der tige wiis mei want der wie nei de oarloch hast gjin boartersguod en no koe ik sels wat meitsje. Frachtautootjes mei oanhinger en sa timmere ik der fan. In ‘Witte kat’ der yn en in pear fytslampkes der op en sa hie ik in hiel weinpark. At der foar dat hout betelle wurde moast wit ik net mear, wol dat der meardere kearen yn ’t jier sa’n opheldei wie.

Yn myn kweekskoalletiid ha ’k by de direkteur fan de houtmole frege oft der ek fakânsjewurk wie en sa moast ik dy simmers om seis oere moarns oantrede om te helpen by it lossen fan kustfarders út Skandinavië, tegearre mei in groep losse arbeiders. Ik hie ’t net swier. Ik moast allinne de balken mjitte op lingte en dikte dy ’t op in glydbaan fan it dek en út it rom wei kamen en dy op in list sette. Dy balken waarden dan ûnder de drûchhokken brocht om opsteapele te wurden. Ek moast ik wol op sa’n steapel klimme om balken te plak te lizzen. Koe ik moai yn de nêsten fan boereswellen sjen yn de tiid dat der eefkes gjin hout kaam.

Ien kear moast ik mei in boat mei om nei de Brekken ta. Dêr wie in kuster fêst kommen te sitten en der moast earst in lading ôf om oer laden te wurden. Doe hoegde ik allinne by te hâlden mei in telmasyntsje hoefolle balken der út kamen. De boat kaam doe los en doe farden de beide boaten werom lâns Follegea, de Tsjûkemar oer en de Rien del en sa nei de houtmole werom.

Ik wie noch net drûch achter de earen, dat ik ha moai wat rûge taal leard dêrre. As der ien nei it húske west hie, dan hie er in ‘splinter út de rêch helle’. Dit wie noch it fatsoenlikste…

Ik wie freon mei Tette de Vries. Syn heit Siene wurke op de houtmole en sa mochten we beide wolris mei in frachtwein mei om kisten te bringen nei ôfnimmers yn Hollân. Ier en betiid fuort, mar sa kamen je nochris ergens. Ek binne we op in moarn betiid mei in fracht kistjes en de fytsen der op mei nei Nijverdal ta riden. Dêr wennen in omke en tante fan my en dêr ha we in pear dagen útfanhûze en doe setten we fytsenderwei wer op de Lemmer ta. Tette kaam letter ek op de houtmole te wurkjen, krekt as syn heit.

Yn ús tiid wienen der frij wat kommunisten op ’e Lemmer en relatyf ek frij wat ûnder de arbeiders op de houtmole. De autoriteiten wienen der op út om ynljochtingen oer harren yn te winnen. Se wiene benaud foar de Russen. De kâlde oarloch fansels... Sa kaam in broer fan myn mem hjir ek wol want hy wie by de maresjesee. Hy liet net folle los mar wy hienen wol troch dat it oer it wurkfolk fan de houtmole gong.

Foto uit de collectie van Gerrit de Vries

Oer de oarloch noch it folgjende.

Yn de lêste 3 jier fan de oarloch wie ik 5 oant 8 jier, dus folle wit ik net mear. Wol dit: der wienen trije ôfwar geskutten mei sykljochten
op de Lemmer. Ien by de yngong fan de Noardeastpolder, der’t we earst even wennen. Dan ien boppe op it tramstasjon by de slûs en de tredde op it Lemsterhop nei it foutbalfjild fan Lemmer op.

Der kamen nachts geregeld Ingelse fleantugen oer dy’t soms stroken sulverpapier útsmieten om ûnsichtber te bliuwen foar de Dútse sykljochten. De oare deis sochten wy dat sulverpapier wol op.
Folle Dútse soldaten ha ik yn dizze jierren net op ‘e dyk sjoen. In kear dat se radio’s en sa nei boppen tôgen op de souder fan de Ulo oan de Koarte Streek. En in kear by ús skoalle doe’t se oppakte minsken yn in pear lokalen ûnderbrochten. Doe hienen we letter heale dagen frij omdat dy minsken yn de lokalen yn it strie leinen. De banken stienen tsjin de muorren opsteapele.

Wy hienen it goed fan iten en drinken. Ús heit hie tegearre mei in feearts dy’t neist de Geriff. tsjerke wenne in ko dêr achter yn in skuorre.
Ús heit molk en fersoarge it bist en ik mocht wol ris helpe. Letter siet ik dan thús bûter te tsjernjen by de kachel. Doe’t de Dútsers flak foar de befrijing harren werom lutsen om fia de Lemmer mei boaten ôf te setten, ha se dy ko meinommen….
Fierders kaam ús heit wol mei weet ( tarwe ) thús út de polder wei.

Yn it lêst fan de oarloch waard ús heit by in razzia yn de polder yn de smidderij oppakt. De manlju moasten mei de fyts oan de hân hielendal nei de Kúnder ta rinne ûnder begelieding fan soldaten. Se waarden ûnderbrocht yn in skoalle. Der wienen wol Lemster froulju dy ’t harren man tabak of sa brochten, ús mem die dat net. Dêr wie ús heit letter wol bot oer rekke. Se koe net by de bern wei sei se.

Ús heit kaam al gau wer thús omdat er by it opstellen yn twa rigen by de trekkersjauffeurs en boeresoannen stean gongen wie omdat dy ûnmisber wienen en nei hûs ta mochten. Hy kaam wol thús op in âld fyts op “cushionbannen”, omdat sines op luchtbannen der net mear stie… Hy wie noch wol benaud dat se him noch ophelje soenen, want hy hat ûnder de flier yn de keuken in skûlplak makke. Hy drukte my op op it hert om der tsjin gjinien wat oer te fertellen.
Yn de oare ferhalen ha ik al wat mear oer de oarloch ferwurke.

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.