Rymkes en telsjes, van Wietze de Haan
Wietze de Haan
De AAK.
Ut seil opstropt kreas tsjin de mèst
Ut swurd omheech en yn'e rèst
Sa leit de aak as deade ein
Te wachtsjen op wat wyn
De fisker pruumket wot tabak
En fliebet de múle skjin
Ut wachtsjen durret him te lang
Mar de wyn lit him net sjen
Ut spieringnest foor op'e plecht
Roekt weeïg en it stjonkt
Straks kreit de fisker net de priis
Die fisk opbringe mut
De wyn hellet un en twingt de aak
De kop te richtsjen op' e nei
Nei huus, nei Trien en Bouk en bern
Mei hjerring, nest en bot
op nei de Lemmer ta....
De Lemster op syn Lemsters.
De lemster is sa os ut wetter
Wield en onberekkenber
Onferskillug en net bang
Eigensinnug mei misbaar
Ik ken de Lemster as myn büse
Ik ken de Lemster as myn broek
De eigen taal, ut sluchte waar ik
Ut komt wol goei juh, mei un flók
Freifochten fiskersmonnen
Frôlju fan de südersee
Steeds noch ken men dit wol sjen
Draagt men ut ek mei sich mee
Leugenbank of vv. Lemmer
Lemsterskutsje of de slús
Altiid binne dur ferhalen
Komt men wèr mei praatsjes thús
Humor dat jet bei De Lemmer
Grapjes mei un ûndertoan
Kritiesk folgje se de meensken
Roeg en hurd foeden troch hoan
De toer die sjocht ut no al jierren
De Lemmer is de wei wat kwyt
Langsme nei de rèst fan doe
Stiet by de burger yn ut kryt
Toch wol ik ik in Lemster bliuwe
Al is net alles echt sa goed
Onferskillug hurd, net bang ek
Oant ien'e ieren, lemster bloed.
De Lemster op zijn Hollands
De Lemster is zoals het water
Grillig onberekenbaar
Onverschillig onverschrokken
Eigenzinnig, met misbaar
Leer mij niet de Lemster kennen
Ik ken de Lemster als mijn broek
De eigen taal, het slechte weer ook
Het komt wel goed, soms met een vloek
Vrijgevochten vissersmannen
Vrouwen van de Zuiderzee
Nog steeds kan men dat herkennen
Draagt men het ook met zich mee
Leugenbank of vv.Lemmer
Lemster skutsje of de sluis
Altijd zijn er de verhalen
Komt men weer met roddels thuis
Humor is het Lemster kenmerk
Grappen met een ondertoon
Kritisch volgen hoort bij Lemmer
Ruw en hard gevoed met hoon
De toren ziet het nu al jaren
Lemmer is de weg wat kwijt
De rust van vroeger is verdwenen
Staat bij de burger in het krijt
Toch wil ook ik een Lemster blijven
Al is niet alles echt zo goed
Onverschillig onverschrokken
Tot in de vezels, Lemster bloed.
Ut Wouda.....
De sjettels stookt mei cokes en swit
Troch swarte honnen ut fuur yn smyten
Bringe warmte en de kragt
De wjillen toch wer un te setten
De mins fan doe mei pet en pruumke
Het ut wonder un 'e praat
De Wouda draait, al honderd jier no
Fur droege futten is't uus maat
Ut monument fan stien en izer
Fertrouwt en hecht al jierren lang
Jout uus ut feilige gefoel
Fur Lemmer en foar Fryslân
Kom sjoch op en wès net bang
Wouda gemaal...
Hoedjend de takomst yn .......
De Lemster toer.
Ut sicht fier oer ut lân
As beaken no al jieren
Fun boegjen fremd
Symbool fan ut ferliene
Wer har dea üs freidom is
De flagge strak stiet fun'e wyn
En de tiid de takomst bringt
Slagt de klok syn oeren en de dea
Ropt hy minsken nei de tsjerke
Fôle noaten op üs del
Je so no mar lemster wèze
Him te sjen jout piekefel
Befrijding
De Lemmer skeint troch kriegsgefjocht
Is yn april de freede brocht
Troch Hitlers hânnen is’t Leech fernyld
Mei bloed en triennen it leed ferdyld
Har dea Us freidom schreeuwt Us ta
Wy wolle fryhiet en freede ha
Nea wer verlies fan hús, fan mins
Bliuw by us wei, dit is de grins
Fan no ôf oan binne wy frei
Wy stean foar oaren en foar dy
Foar mins en fryhiet en foar freede
Foar humanist en Christenbede
De Lemmer en harn lyts omkriten
Is yn de striid der foar bebiten
Hja hat wot leart doe yn april
Unrjocht fuort, de wapens stil.
Ut wetter slagt tsjin stien en pealen
De kjelt docht sear tot op'e huud
En wyn die kâlder is dan'k togt hie
Makket net un noflike luud
Toch wol ik op dit plakje bliuwe
Ut plakje wer de leafde wie
Wer jonkjes mei de famkes buoten
Un frommes soms te wachtsjen stie
Dot plak dot is nog steeds ut Eintsje
Hjir komt men faaks de Lemmer yn
Ut beaken skynt nog op ut hokje
Fynt men sa de lemmer blyn
De leite socht, makket de wyn
Ta plak fan hoedjen op'e daam
K'sjoch ut ferliene no wer foar my
Hjir wie uus heit do my de faam
"As tiiden tiiden hebbe"
Tink don un de skiedenis
Wont wat fuort is, is ferlern no
Pos don fielst echt wol ut gemis.
Onder de hoek
Wer de warhiet begint mei un leugen
En Tarzan, de Bok de maat nimt
Ut lekskooien, twadde natuur is
De flagge de mèst wer yn klimt
Der sitte de monnen te praten
Of praten dot is't einliks net
Lekskooije en nijtsjes begnieze
Ut giet dur om wei os âld fet
Ut plakje wèr Jan of de kòber
As Kok yn'e Lemmer un held
Ut nijs fan de moarn dot ol weest is
Fur wier uus ut lèste âld nijs wer fertelt
Ik ron der faak hinne dot plakje
En sjoch der de warhiet ontstean
De humor die leit op de strutte
Men is mei ut leed echt begien
De Hoek der vlak by de brègge
Op bankjes, yn mensjester broek
Wurre Problemen oplost fur wot oaren
De monlju fan Onder de Hoek
Dot plak dot jèrt by de Lemmer
Sa os de Toer ik al jirren by uus
Soms mist ien en wurt hy bepraten
Mei liefde, wont hy leit no dea tuus
Hy komt net mear Onder de Hoek no
De futten die lizze rucht uut
Hy het syn lètste bôlle hon
Men laket en bringt him saluut.
Wot seag de Lemster toer?(Lemsters)
Wot seag de Lemster Toer?
No ol jirren der sa te stean
Seag hy de Rien samar ferdwinen
En hy begreep ut net
Duutsers mei geweren op'e skouders
Skeaten kûgels langs de klok
Men bringt kransen oan syn futtenein
Blommen hingje un de Toer
Ut beeld fan dea en ik de frydom
Plakt op de buuk fan'e Lemster Toer
Bringt meensken by elkur yn maaie
Binne stil en luústerje
De klok dy hinget os syn maatsje
Slagt sukke dagen extra luud
Ropt meensken op by him te kommen
Flaggen healstok yn'e mèst
Hy sjocht un fiskerman beneden
No ol jirren op ien plak
Mei un net, och sa kapot
Fan izer, os un Lemster
Skippen sa os de LEMMER 50
Aken, skouwen en ik skútsjes
Lizze te pronk, fur iederien
Ut jild earst kwyt, dot is dur wèr
Hy jert stemmen yn syn buukje
Sjongent oer de âlde tiid
Monnen ferklaaid os âlde Fiskers
Misse faak de Sudersee
Hy sjocht meensken un ut wetter
Op'e stullen en un ut bier
Fleis en Fis fleane yn'e múle
Jermoed is dur net te sjen
Wot seag de Lemster Toer?
De Lemmer die is bot feroare
De Toer te plak, dy nimt de tiid
Om ooit un Lemster te begripen.
Wietze
Lemster Bokkingdei.
Fiskerijdagen op' e lemmer
De fis die is der noch
De jèrmoe is de door út
En de aken hè gps
De nèstbak en de taanpot
De auslag mei de weger
Ut skom fan skiere iel
Ut is al jirren fut
De bokking yn'e winkel
Is lemster frou of mon
Die Duuts praat sin un lemster
Gean wei, t'is Bokkingdei
Die dei is fur de Lemsters
Ferhalen komme dan
Ik slag freonen op'e skouders
Drink bier mei yderien
De frolju ronne noch een keer
De Westdaam op en del
Bei ut Eintsje kreist un tuutsje
De Lemmer die ront uut
Ut Dok mei al syn romte
Smoort fan de reek en poan
De Bokkingdei jout Lemsters
Wer hun gefoel werom.
Lemster, bokking for ever.
It is foarby.( âlde Jan Klem sjongde it al.)
It rotsjend grom fan wat ea fisk wie
De taanpot waarm en bruun as tar
Liet seil en touwwurk rêstich kleure
Foar fiskermonsjes harn gerak
Dot wie san 70 jier ferlyn noch
Doe liet de float sich wol besjen
Oan de görring hongen netten
Spirringkopkes op ut dek
Bakt wurd de fisk noch wol op Lemmer
Fiskers binne der einst net mear
Al wolle guon ús tinke litte
Dat de float dochs noch bestiet
Nee dus.
It Eintsje dat is der noch
Troch meienoar ien te wèzen
Oars wie it ek al wer fuort west
Sa folle hert sit der noch wol op'e Lemmer.
Wietze
Reactie plaatsen
Reacties